Ynze de Boer
Ik bin Ynze de Boer. Trout en heit fan trije folwoeksen bern en pake fan fjouwer pakesizzers. Sûnt juny 2007 bin ik lid fan provinsjale steaten en wurdfierder foar Rekreaasje en Ekonomy, Sosjaal belied en Soarch, Kultuer, taal en ûnderwiis, Finânsjes, Bestjoer en feiligens en Europeeske programma's.
Ik bin yn 1983 lid wurden fan de RPF. Yn 1998 bin ik foar dy partij yn de gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat kommen. In jier letter is de namme feroare yn ChristenUnie, doe't wy gearfoege waarden mei it GPV. Ik waard yn 2001 wethâlder yn Gaasterlân-Sleat en bin dat bleaun oan't april 2006.
De portefeuille dy't ik yn de steaten ha is tige breed. Ik ha lykwols it foardiel dat in tal saken dêrút ek yn myn wethâldersportefeuille sieten. Dêrtroch is alles net folslein frjemd foar my.
Ik haw destiids foar de RPF en letter foar de ChristenUnie keazen om't ik my as kristen it bêste fine kin yn de útgongspunten fan dizze party. Mei nammen de soarch foar de minder bedielden en it opkommen foar de skepping en de natuer sprekt my tige oan. Ik wol graach myn kristenwêzen ek útstriele yn myn politike hâlden en dragen. Dat betsjut net dat ik oaren myn miening en sjenswize oplizze wol, mar wol dat ik fan betinken bin dat kristen wêze net ophâld by it tichtlûken fan de hûsdoar, mar ynfloed hat op alles wat jo dogge yn de maatskippij.
Archief > 2008 > januari
- 24-01-2008 24-01-2008 21:34 - ChristenUnie blij met aanpak brug Kootstertille
- 22-01-2008 22-01-2008 10:51 - Expertmeeting alcoholmisbruik
- 15-01-2008 15-01-2008 09:51 - Dick Stellingwerf burgemeester van Lemsterland
- 02-01-2008 02-01-2008 19:44 - Statenlid De Boer geen raadslid meer
- 01-01-2008 01-01-2008 09:46 - Ynze de Boer
Reacties op 'Ynze de Boer'
Geen berichten gevonden
Log in om te kunnen reageren op nieuwsberichten.