Alg. Besch. 2002 van RPF/SGP en GPV

zaterdag 08 december 2001 21:12

Algemiene Skôgings 2002 fan de steatefraksje fan RPF/SGP en GPV yn Fryslân

Algemien
Foar God en foar ús neiste wolle wy ús ynsette. Wa is ús neiste? Foaral dy minsken, dy’t help dûbel en dwers nedich hawwe. Kristlik sosjaal. Wy tinke dan ek oan bgls. swervende jongerein. Wy wolle dat dêr mear oan dien wurdt. De provinsje moat yn oparbeidzjen mei sintrumgemeente Ljouwert it foartou nimme ta opfang fan swerfjongerein. Tagelyk witte ek wy wol, dat fierwei it grutste part fan de swerfjongerein in ferslavingsproblematyk hat en withoefaak mei de plysje te meitsjen hat. It ferkearde yn ús maatskippij is, dat wy te lang te folle gedoge. Mar dat is by dizze kategory no krekt net goed! Wy binne fan betinken, dat dy kategory yn in sletten opfang ferplicht ôfkicke, behannele en rehabiliteare moat. Foar har eigen bêstens. Allinnich dan hawwe hja de kâns om út de fisieuze sirkel fan ferslaving - oerlêst - dakleazes te kommen. Wy binne net sosjaal as wy dy groep har gong gean litte. Net de frijheid om te dwaan en litten wat je wolle, mar libben en wolwêzen is ús heechste ideaal. It wolwêzen fan dy groep kin somtiden tsjinne wêze mei twang. Spitich dat de provinsje dêryn gjin foech hat. Mar wy kinne dat lûd dochs wol oerbringe nei de VFG en De Haach? Wy tsjinje dêroer in moasje yn.

Bestjoere
Alle Fryske oerheden, mei ynbegryp fan de wetterskippen, moatte noch folle mear mei elkoar as tsjin elkoar gean. De wetterskippen fusearje en foar 2004 moat de nije organisaasje op priemmen stean. Wat ús oanbelanget ûnder de passende namme: WETTERLÂN, in nije namme mei fertroude byldfoarming foar in yntegraal Wetterskip. Der moat draachflak foar belied bliuwe, sûnder opleine gemeentlike of provinsjale weryndielings, útsein wer it echt driget mis te gean en de bestjoerskrêft struktureel te koart sjit. Dat is wat dizze provinsje oanbelanget net oan 'e oarder. Fansels wol goed gearwurkjen bliuwe yn SNN-ferbân, wêrby elke provinsje syn eigen ferantwurdlikheid dragen bliuwt, ek yn bopperegionale saken. En net allinne de mal fan de sônes mei de stedsgemeenten op 'e kaart sette. Mar ek yn 'e Wike fan it Plattelân en takomme jier it Jier fan de Buorkerij stipe jaan oan de kontramal fan in libbensfetber plattelân. Njonken Stedsregio- en zônekonvenanten hat it Provinsjebestjoer goed úteinset mei it Gebietsrjochte belied. Wy stypje dat belied en ferwachtsje dêr ek de risseltaten fan foar in duorsum leefber Fryslân.

Toerisme
Dit jier is troch de VN útroppen ta "Internationaal Jaar van het Duurzaam Toerisme"
Benamme Dútske toeristen litte Nederlân as fakânsjelân faker lizze. Mar nei Fryslân kamen just mear Dútske toeristen, mar spitigernôch minder boatsjetoeristen. Dat betsjut wol dat Fryslân omtinken jaan bliuwe moat oan de kwaliteit fan syn romme lânskip en rêstige wetter. It Fryske Marreprojekt is net om 'e nocht. Provinsje en gemeenten moatte hjir ek nei 2002 mei faasje mei trochgean. De kwaliteit fan de Fryske marren en farwetters moat noch mear omheech, sa folle mooglik mei skieding fan fracht- en rekreative feart. Marren en fearten moatte útbaggere wurde. Tagelyk moatte de kaden fuortsterke en wurk mei wurk makke wurde.
Ut in ûndersyk nei elektrysk farren yn de Alde Feanen die bliken dat farders mei elektryske boaten har net feilich fielden, omdat der frijwat fluggere boaten binne, dy’t men út ‘e wei gean wol. Wy fine dat in sinjaal wêr de provinsje wat oan dwaan moat. It farren mei elektryske boaten jout gjin loft- en wetterfersmoarging. Boppedat gjin lûdsoerlêst. Wy hawwe sels de Alde Feanen oanmerke as stiltegebiet. Wy hawwe befoardere dat der stille (en skjinne) boatsjes komme. Wy moatte no konstatearje dat de stille float wike moatte foar de herjefloat. De omkearde wrâld! De herjefloat moat der út en de stille float moat groeie. It eigen karakter fan Fryslân mei syn rêst en romte moat mear omtinken hawwe. Wy stelle dêrom út om de sônering yn de Alde Feanen mei gauwens yn te stellen.

Ferkear en Ferfier
Wy kieze as haadtema’s foar in nij PVVP: mear feiligens en mear duorsumens.
Feiligens stiet by ús foarop. Elts jier feroarsaket it ferkear in see fan ellinde. It besykjen foar te kommen fan ûngemakken troch ferbetterjen fan de ynrjochting fan wegen, fine wy in earste prioriteit. Der is noch in protte jild foar nedich. Us fraksje hat altiten it stânpunt ynnommen dat ferheging fan de opsinten yn relaasje stean moat mei needsaaklike ynvestearrings yn ynfrastruktuerele projekten.
Wy binne fan betinken dat der noch safolle te ferbetterjen is oan ús ynfrastruktuer, dat dy ferheging te rjochtfeardigjen is! Dat jildt dan yn it foarste plak foar de feilichheid (Duurzaam Veilig projecten), mar ék foar de berikberens. Ferkearsedukaasje, lykas troch it projekt ‘Seef’, (Profyl, juny 2002) hat ús waarm omtinken.
Duorsumens moat dêrneist neffens ús hege oandacht krije. Oandacht foar natuer en miljeu. Dat hâldt foaral yn it optimalisearjen fan it Iepenbier Ferfier. Wy binne tige ynnaam mei it befoarderjen fan Iepenbier Ferfier yn it Stedsgewest Ljouwert. Der binne minne dingen oer te sizzen, lykas wêrom allinnich dêr, wêrom yn ‘e hjerst en winter, mar litte wy no ris besykje op ien plak te begjinnen ynstee fan krityk te leverjen. Wy wolle yn dit ferbân ek wize op de saneamde ‘Kyoto– pot’: € 37 miljoen leit der klear foar projekten dy’t it klimaat ferbetterje. It ministearje fan VROM wol dêr de helte fan betelje. In projekt foar it befoarderjen fan it Iepenbier Ferfier sil sûnder mis it klimaat te’n goede komme en dus subsydzje krije kinne.
Ekologyske Ferbiningssônes binne it wurch om wegen fuort te heljen of te ‘downgraden’. Downgrading moat dochs al folle mear oandacht krije. Der wurdt no noch hieltyd te folle útgong fan de superioriteit fan de auto.
De foarnommen ‘ûntsnippering’ – it fuortheljen fan de fersnippering dy't de ynfrastruktuer meibringt – is ek wichtich. Wy fine dat dit mear as oant no ta rjochting jaan moat oan de planning fan wegen.

Wy hawwe mear kondukteurs op 'e treinen bepleite. No in eksperimint fan NoordNed mei kamera’s yn in trein slagge is en NoordNed yn al syn treinen kamera’s ha wol, is dat miskien in goed alternatyf. NoordNed hat de provinsje Grins dêrfoar subsydzje frege. Wy fine dat ús provinsje ek bydrage moat oan ferheging fan de feiligens fan reizgers yn de trein. Dêrta komme wy mei in moasje.

De boer en it lânskip
Wy fine it fan grut belang dat boeren, as grutste kategory lâneigeners, it needsaaklike draachflak bieden bliuwe foar û.o. de beskerming fan greidefûgels. Dêrta is goed oerlis mei de sektor en de natuerorganisaasjes yn it ramt fan in dúdlike regeljouwing needsaaklik. Mar wy fine ek dat de boeren in fergoeding ha moatte foar goed greidefûgelbehear. En net allinne foar greidefûgelbehear, mar bgls. ek foar it yn stân hâlden fan oanwêzich argeologysk erfguod op harren lân. De argeologyske kânsenkaart biedt dêrta in prachtich ynstrumint. En de motivaasje fan boeren om yn it ramt fan ferbreding fan de bedriuwsfiering sawol foar natoer as kultuer better bydrage te kinnen, sil sa ek tanimme. Datselde jildt ek foar de saneamde soarchbuorkerijen. Der moat wat tsjinoer stean en yn dizze foar ús agrariërs krityske tiden sil de Provinsje hjiryn it foartou nimme moatte. Wy komme hjiroer mei in yntegrale moasje.

Op inkelde konkrete beliedsútstellen út de Foarjiersnota geane wy yn in bylage yn.

Foarsitter, wy sizze it Kolleezje en har meiwurkers op it Provinsjehûs tige tank foar it protte wurk dat oant no ta ferset is.
De ChristenUnie/SGP fraksje winsket Kolleezje, meiwurkers en kollegasteateleden foar de kommende bestjoersperioade folle wysheid, sûnens en Gods seine ta!


Bylage 1: Kommentaar op inkelde konkrete beliedsútstellen út de Foarjiersnota

* Nei oanlieding fan de oanfolling op de Foarjiersnota geane wy akkoart mei it oanpaste DS-útstel 3 oangeande it provinsjale Kommunikaasjeplan.
* De útstellen 13 en 14 kinne neffens ús wol keppele wurde. Wêrom by útstel13. wer in buro ynhiere foar it opstellen fan in Plan fan Oanpak? Dit liket ús no krekt wat foar de nij oan te lûken Europeesk jurist; foar him of har is dit in útdaging yn it wurk en hy/sy kin him tagelyk "bewize".
* Utstel 19, de Suderseeline. Nei oanlieding fan it Kabinetsbeslút fan 21 desimber 2001, is ús fraksje ienriedich fan betinken dat yn it ramt fan it Langman-akkoard benammen it Ryk in ferplichting hat nei it Noarden ta foarsk by te dragen oan de realisaasje fan de Suderseeline. Wy stypje de ynsidintele bydrage fan € 56.000 oan de aktiviteiten fan de Stjoergroep Suderseeline oant no ta, al fine wy it wol in miste kâns om daliks fan it begjin ôf oan de Provinsje Noard-Hollân, mei ynbegryp fan de gemeenten Amsterdam en Haarlemmermeer, net by de Stjoergroep te belûken. De earste faze fan de ZZL begjint dochs by Skiphol en Skiphol leit noch altiten yn Noard-Hollân. Hoe is it mogelik dat in PvdA-minister fan VROM en trije PvdA-kommissarissen fan de provinsjes Drinte, Grins en Noard-Hollân elkoar net yn ien bopperegionale stjoergroep fine koene? En wêrom soe Ljouwert wol en Amsterdam net meibetelje hoege? By de behanneling fan de Gearwurkingsoerienkomst tusken ryk en regio sille wy ús úteinlike ôfwaging op dit majeure punt jaan.
* Utstel 21. Berging en ôffier fan wetter
Mei de wetterskippen, de NLTO en oaren fine wy dat Fryslân op termyn net ûntkomt oan ekstra gemaalkapasiteit. En dat freget in ynvestearring fan likernôch 50 miljoen euro. De ôffierkapasiteit fan de Fryske buozum is ûngefear de helte fan de ôffierkapasiteit fan de mienskiplike poldergemalen. Der binne lykwols ûnderskate maatregels mogelik. Wy wachtsje dêrom mei belangstelling op de útkomsten fan de stúdzje nei berging en ôffier fan wetter yn ús provinsje.
* Mei nei oanlieding fan útstel 46, Fryslân as sykgebiet foar in agrobusinesspark, freegje wy ús ôf yn hoefiere de feemerkproblematyk hjirby ek in rol spylje kin. Kin it Kolleezje tasizze dit mei te nimmen?
Foarich jier kamen FNP en ChristenUnie/SGP mei in moasje ta behâld fan de feemerk yn Ljouwert. De Steaten ha dy moasje stipe. Dêrnei ha wy hjiroer hiel wat lêze kind middels parseberjochten. Yn de PS-gearkomste fan 6 maaie hat de Deputearre tasein hjiroer by de Steaten werom te kommen. Mar der is noch in protte ûndúdlikheid. Grutte bedragen binne nedich om foldwaan te kinnen oan de Haachske miljeufoarskriften. Brussel skynt dit lykwols allegearre net iens sa noadich te finen. Is de feemerk op 'e doer noch rendabel? Hat it feemerksysteem yn syn hjoeddeiske foarm noch wol takomst? Wat it bistewolwêzen oanbelanget, moat ûnhandelber kofee oan baly's op de merk oanbûn wurde. Wy freegje ús fierder ôf: wurdt de feemerk no al of net ferpleatst nei it IBF of it terrein fan Bosmasathe en wat is hjirby de rol fan Brada BV? En wat kin en wol de Provinsje hjiryn bydrage? De Twadde Keamer hat him útsprutsen om foar 1 novimber net ta sluting fan de feemerk yn Ljouwert oer te gean. Mar der sil wol in strukturele oplossing fûn wurde moatte. Wy freegje it Kolleezje hjirby ek it Amerikaanske systeem yn te belûken. De feemerk is dan sadanich ynrjochte dat de bisten los yn boksen komme en net oanbûn hoege te wurden. Fan dêrút kin it fee oerbrocht wurde nei it plak fan feiling, sadat jo in transparant ferkeapsysteem krije. Dêrfoar is in nije feefeiling nedich op ien sintraal agrobusinesspark foar it Noarden. Graach in réaksje fan it Kolleezje.
* Utstel 63. Wy binne tige ynnommen mei de krekt útkommen Kultuerhistoaryske Kaart (CHK) en it nije Frysk kultuerhistoarysk dokumintaasjesintrum Tresoar as Letterhoeke. Dit ynstitút hat dúdlik in kulturele mearwearde foar alle sneupers en oare saakkundigen op dit mêd yn en bûten de Provinsje. Benammen de hjoeddeiske ûntwikkeling om troch digitalisearring ús kultureel erfskip foar in breed publyk tagonklik te meitsjen sprekt ús tige oan. Us fraksje stipet dizze ûntwikkeling om in breder publyk fia ynternet gelegenheid te jaan ynteraktyf ûndersyk te dwaan yn de dêrfoar beskikbere argiven.
Yn dit ferbân soene wy ek graach de lêste ûntjouwings fan de Deputearre fan Kultuer hearre wolle oangeande de fuortgong fan de nije Fryske Ensyklopedy, as inisjatyf fan dizze Steaten.
* Wy stypje graach útstel 73, it projekt romtelike kwaliteit mei it each op it nije streekplan. Oer spoar 1, de CHK (Kultuerhistoaryske kaart) ha wy al it ien en oar sein. In boppeslach! Yn it ferbân fan spoar 3 soe der neffens ús fraksje yn it ramt fan partikulier opdrachtjouwerskip op 'e nij in diskusje plakfine kinne oer it ‘Landgoedwonen’. It resultaat fan dy diskusje soe dan in plakje krije kinne yn it nije Streekplan. Graach hjiroer de opfetting fan it Kolleezje. Wy binne fierder fan betinken dat der troch de Provinsje yn oerlis mei de Westergoagemeenten ek serieus neitocht wurde moat oer de winsklikheid en romtelik ynpassen yn it ramt fan spoar 2, foar 120 MW Wynenerzjy lâns it Van Harinxmakanaal. Graach dêrop in reaksje fan it Kolleezje.
* Dit jier hat de Stjoergroep Duaal Bestjoere úteinset mei de dualisearring fan it Provinsjebestjoer. Wy binne fan betinken dat de Provinsje mei dit belied goed úteinset en stypje útstel 82 om sa gau mooglik in kundige Steategriffier oan te stellen, dy't fansels it Frysk foldwaande master is om mei de Steaten kommunisearje te kinnen yn beide rykstalen.
* Ofskriuwingsmetodyk: Sawol ûnder Finansiering en algemiene dekkingsmiddelen (hdst. 5.0. Foarjiersnota) as ûnder de bylage finansjele klaims ynfrastruktuer, wurdt oan it ûndersyk nei it ôfskriuwingsbelied memorearre. De ôfskriuwingsterminen moatte no wat reëler opsteld wurde. Is al dúdlik wat dit de Provinsje eventueel kostet of opleveret?

« Terug

Reacties op 'Alg. Besch. 2002 van RPF/SGP en GPV'

Geen berichten gevonden

Log in om te kunnen reageren op nieuwsberichten.