Vragen over de positie van Noordoost Fryslân
Fractievoorzitter Ferwerda heeft GS vragen gesteld over uitspraken van gedeputeerde Bijman over de positie van Noordoost Fryslân.
Steatefraksje ChristenUnie/SGP
SKRIFTLIKE FRAGEN, ex artikel 36 Reglemint fan oarder |
- Yntsjinje by de steategriffy
- Antwurd binnen 30 dagen
Rjochte oan DS / |
dep. Bijman | |
Underwerp |
Utspraken oer de posysje fan Noardeast Fryslân | |
Eftergrûnen |
Ekonomyske posysje fan de NOFA-gemeenten, dy’t mienskiplike aksje fan alle belangjende oerheden en oare aktoaren nedich makket | |
Fraach / Fragen
|
Kin deputearre Bijman befestigje dat hy op freed 23 april, by gelegenheid fan in minisympoasium ‘visie op de regio’ yn Dokkum, sein hat dat it bêst goed giet mei de regio en men dêrom ophâlde moat mei ‘zielig doen’? (FD fan 24 april 2004) | |
As dizze útspraak korrekt troch de parse werjûn is, wol de deputearre dan útlizze wat hy ferstiet ûnder ‘zielig doen’ en wer’t hy soks op basearret? | ||
Wurdt dizze miening dielt troch it hiele Kolleezje of is dit inkeld de privé-opfetting fan dep. Bijman? | ||
Hoe ferhâldt dizze opfetting him ta útspraken fan Twadde Keamerleden Jacques Tichelaar (PvdA), Ronald Kortenhorst (CDA) en Janneke Snijder (VVD), dat de regio Noardeast-Fryslân altiten finansjele stipe nedich hat om ekononomysk net noch fierder efterop te reitsjen by de rest fan Fryslân en Nederlân? (LC fan 24 april 2004) | ||
Hoe kinne de Steaten de kommende tiid it provinsjale gebietsrjochte belied oangeande de NOFA-gemeenten tsjutte? | ||
Yntsjinner |
(fraksje / namme / hantekening) | |
ChristenUnie/SGP, Rein Ferwerda |
Reacties op 'Vragen over de positie van Noordoost Fryslân'
Geen berichten gevonden
Log in om te kunnen reageren op nieuwsberichten.