SKRIFTLIKE FRAGEN, ex artikel 36 Reglemint fan oarder

zaterdag 30 juli 2005 21:57

Oer it ferbetterjen fan it toeristyske ynfo- en foarsjenningsnivo yn Fryslân

                                                                                                                                                                                                 

SKRIFTLIKE FRAGEN, ex artikel 36 Reglemint fan oarder

 
 
Rjochte oan DS /
Deputearre
DS
Underwerp
 
 
 
Ferbetterjen fan it toeristyske ynfo- en foarsjenningsnivo yn Fryslân
Fraach / Fragen

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
1.       
Is it berjocht yn de provinsjale media fan 29 en 30 july 2005 korrekt, dat de provinsje de toeristyske ynfoboarden lâns de provinsjale diken nei lokale attraksjes as musea en oare kultuertoeristyske (min waar)foarsjennings yn bygelyks Moddergat , mar ek yn Ljouwert en Snits ferbean hat?
2.       
Sa ja, is soks yn oerienstimming mei it Bestjoersakkoart, par 8. Rekreaasje en Toerisme, om benammen it skala fan foarsjennings yn dizze provinsje te ferromjen?
3.       
Hoe tinkt it Kolleezje de kwaliteit fan de toeristyske ynfo lâns de Fryske diken no te ferbetterjen?
4.       
Hat it Kolleezje yn dizzen ek oerlis (hân) mei de belangjende ynstellings en toeristyske organisaasjes, sa as de troch dizze provinsje noch net sa lang lyn yn it libben roppen Fryslân Marketing, de VVV's, de ANWB en de Fryske gemeenten (VFG)?
5.
Is it ek in idee om yn gearwurking mei de ANWB, Fryslân Marketing en relevante kultuertoeristyske organisaasjes en ynstellings oeral yn de provinsje dúdlike toeristyske ynfobuorden te pleatsen op parkearplakken dy't sawol foar auto- as fytsferkear goed en feilich berikber binne?
6.
Is it kolleezje réwillich om oer dizze troch in tal organisaasjes yn Fryslân oankaarte problematyk in notysje mei dêryn ferwurke in tal praktyske maatregels, takomme te litten oan de Steaten, sadat it provinsjebestjoer foar it takomme jier de kwaliteit fan toeristyske ynfo yn dizze provinsje yndied yn line mei it Bestjoersakkoart ferhege en net wer op slot set hat?
  
     
   
     
Yntsjinner (s)

 
 
(fraksje / namme / hantekening)
Rein Ferwerda, ChristenUnie/SGP
 

« Terug

Reacties op 'SKRIFTLIKE FRAGEN, ex artikel 36 Reglemint fan oarder'

Geen berichten gevonden

Log in om te kunnen reageren op nieuwsberichten.