OMFREEGJEN by de kommisjegearkomste AB-Wetterskip Fryslân fan 14 maart 2011
Neffens in tal lytse fraksjes yn Provinsjale Steaten, dy’t net yn Wetterskip Fryslân fertsjintwurdige binne, moat de Provinsje baas wurde oer it Wetterskip, sa hawwe SP, GrienLinks en D66 by ynformateur Margreeth de Boer oanjûn, neffens de Ljouwerter Krante fan 8 maart 2011.
Al earder yn de Steategearkomste fan 16 febrewaris 2011, hat SP-steatelid Jacob van der Hoek, by wurklistpunt 3B Takediskusje, in moasje yntsjinne mei it tinken dat:
- trije Fryske oerheidslagen har dwaande hâlde mei it beliedsfjild Wetter;
- beliedsfoarming yn prinsipe leit by in oerheid dy’t har mei yntegraliteit en ôfstimming dwaande hâldt;
- it bestjoer fan Wetterskip Fryslân in leger demokratysk gehalte hat as it provinsjaal bestjoer, troch de bywêzigens fan de saneamde boarge en dus net troch it folk keazen fertsjintwurdigers;
- beliedsûntjouwing, beslútfoarming en útfiering fan wettertaken ûndúdlik binne wêr’t it giet om ferantwurdlikheden en oanspraaklikheid fan provinsje en wetterskip;
en it Kolleezje fan Deputearre Steaten opdrage om:
- by de útwurking fan de karren oangeande provinsjale taken ek mei in útstel te kommen om de bestjoerlike taken fan it Wetterskip ûnder te bringen by it provinsjaal bestjoer.
Dizze moasje us troch in mearderheid fan de foarige Steaten oannommen, mar de fierdere beslútfoarming is oanhâlden foar de nije Steaten.
Fragen fan de ChristenUnie oan it DB fan Wetterskip Fryslân
1. Is it DB op ‘e hichte fan de ynbring fan trije lytse fraksjes by de Kolleezje-ûnderhannelingen fan Provinsjale Steaten, yn it ferlingde fan de troch de foarige Steaten oannommen moasje by de takediskusje troch Provinsjale Steaten fan Fryslân, om de bestjoerlike taken fan it Wetterskip ûnder te bringen by de Provinsje?
2. Hoe tinkt it DB om te gean mei dizze moasje, dy’t yn de Takediskusje grif in ferfolch hawwe sil, sjoen de opstelling fan de nij keazen fraksjes fan SP, GrienLinks en D66?
3. Wat is de ûnderboude sjenswize fan it DB op dizze arrogante opstelling fan de Steaten fan Fryslân, om sûnder blyk fan steatsrjochtlik ynsjoch, polityk fatsoen en kennis fan de “Wet modernisering waterschapsbestel” fan 2007, mar efkes op in efterneimiddei yn de foarige steateperioade in populistysk oardiel te jaan oer in wetlik ynsteld en demokratysk keazen funksjoneel oerheidsbestjoer en teffens te besykjen it bestjoer fan de loyale oerheidspartner yn ferskate gearwurkingstrajekten dy’t Wetterskip Fryslân altiten west hat, sûnder oerlis of sels mar kundskip oernimme te wollen?
4. Is it DB ree om de ûnder fraach 3. frege sjenswize fan it bestjoer fan Wetterskip Fryslân yn te bringen by de ynformateur fan it nije Kolleezje fan de Provinsje Fryslân?
5. Is it DB ree om dizze sjenswize fan it Wetterskip ek yn te bringen by it nije Kolleezje en yn it ferfolchtrajekt fan de Takediskusje by de Steaten fan Fryslân?
Foar de ChristenUnie-fraksje yn it AB fan Wetterskip Fryslân,
Rein Ferwerda, AB-lid en Harm de Jong, lid kommisje APSZ
Archief > 2011 > maart
- 30-03-2011 30-03-2011 14:37 - ChristenUnie in oppositiebankjes
- 30-03-2011 30-03-2011 07:25 - Teleurstelling bij ChristenUnie over sluiting Wyldemerk
- 21-03-2011 21-03-2011 11:10 - OMFREEGJEN by de kommisjegearkomste AB-Wetterskip Fryslân fan 14 maart 2011
- 10-03-2011 10-03-2011 18:46 - Drie zetels voor ChristenUnie in de Friese Staten
- 03-03-2011 03-03-2011 13:37 - Uitslag in SudwestFryslan bemoedigend
- 01-03-2011 01-03-2011 11:53 - ChristenUnie wil fors investeren in Technisch HBO onderwijs
Reacties op 'OMFREEGJEN by de kommisjegearkomste AB-Wetterskip Fryslân fan 14 maart 2011'
Geen berichten gevonden
Log in om te kunnen reageren op nieuwsberichten.