Statenbrede steun voor motie over gevangenissen in Noord Nederland

PI Noord De Marwei tcm93-170004vrijdag 21 december 2012 15:10

De Friese Staten hebben zich unaniem geschaard achter een motie van de ChristenUnie om de gevangenissen in Noord Nederland open te houden. De staatssecretaris van Justitie en Veiligheid is van plan om in het kader van een reorganisatie een aantal gevangenissen in Noord Nederland te sluiten. Dat heeft grote gevolgen voor de werkgelegenheid. Op de nominatie staan in ieder geval gevangenissen in Veenhuizen, Ter Apel en Hoogeveen. Leeuwarden zou in de plannen van de staatssecretaris nog open blijven.

 

MOASJE FRJEMD OAN DE OARDER FAN DE DEI, ex artikel 29 Reglement van orde

De Steaten, yn gearkomste byelkoar op 19 desimber 2012

 

konstatearjende dat

- Steatssekretaris Teeven fan Feiligens en Justysje plannen ûntwikkelt ta in grutte reoarganisaasje fan it finzeniswêzen;

- dat yn dizze plannen stiet dat de penitentiêre ynrjochtings konsintreart wurde sille yn de Rânestêd en ferdwine sille út de noardelike provinsjes;

- dat dit betsjut dat in oantal penitentiêre ynrjochtings yn de noardelike provinsjes sletten wurde sille.

 

oerwaagjende dat

- yn Noard-Nederlân de wurkeleazens oanmerklik heger is dan yn it oare part fan Nederlân;

- rûm 1250 minsken oan it wurk binne by - en in grut tal oaren yndirekt wurk ha troch boppeneamde ynrjochtings;

- dizze penitentiêre ynrjochtings dêrom fan tige grut belang binne foar de wurkgelegenheid yn Noard-Nederlân

 

Roppe de Steatssekretaris fan Feiligens en Justysje mei klam op

- yn syn plannen it tige grutte belang fan de penitentiêre ynrjochtings yn de noardelike provinsjes foar de wurkgelegenheid fan Noard-Nederlân ta te jaan;

- te besluten de penitentiêre ynrjochtings yn Noard-Nederlân en de dêrby hearrende wurkgelegenheid yn stân te hâlden;

 

en fersykje it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân de Steassekretaris dizze oprop en de ynhâld fan dizze moasje ta komme te litten.

 

en geane oer ta de oarder fan de dei

 

 

Yntsjinner(s)

(fraksje / namme / hantekening)

 ChristenUnie, Anja Haga

 SP, Jos van der Horst

 Grienlinks, Retze v.d. Honing

 D66, Klaas Hettinga

 CDA, Henk van der Veen

 PVV, Pieter Buisman

 PVDA, Jornt Ozenga

 VVD, Klaas Kielstra

 FNP, Sybren Posthumus

 Friese Koers, Jelle Hiemstra

 

#sterk   #samen

« Terug

Reacties op 'Statenbrede steun voor motie over gevangenissen in Noord Nederland'

Geen berichten gevonden

Log in om te kunnen reageren op nieuwsberichten.