Ferbetterje ferkearsfeiligens St. Anne
De FNP en ChristenUnie wolle dat de gemeente en provinsje yn aksje komme om de ferkearsfeiligens yn St. Anne te ferbetterjen. St. Anne is it grutste plak fan It Bilt en hat in wichtige sintrumfunksje. Omdat midden yn St. Anne twa provinsjale diken inoar kruse, komt der in soad ferkear troch it doarp. Dat lied ta gefaarlike situaasjes foar fytsers en fuotgongers.
Ein ferline jier wie der in wurkbesite yn St. Anne fan sawol de fraksjes fan de ChristenUnie en de FNP yn de gemeenteried fan Waadhoeke as de provinsjale steatenfraksjes fan beide partijen. Der waard doe sprutsen mei ynwenners, ûndernimmers, dosinten en learlingen fan legere en middelbere skoalen yn it doarp. Sy joegen oan dat sy grutte soargen hawwe oer de ferkearsfeiligens. Dy hat ek in negative wjerslach op de leefberens en de regionale sintrumfunksje fan St. Anne, mei syn winkels en oare foarsjenningen.
Benammen de krusingen Beuckelaar-Van Harenstraat, de ûnoersichtlike oergong by de Van Harenkerk en de krusing Brandsmalaan-Warmoesstraat-Nassaustraat dêr’t in soad skoalbern oerstekke, wurde as gefaarlik ûnderfûn. De learlingen fan de Campus Middelsee fertelden oan de politisy dat sy de fytsoerstekken oan it begjin fan it doarp en de kombinaasje fan lânbou- en fytsferkear ûnfeilich fine.
Deselde knyppunten waarden yn it ferkearsplan fan de gemeente It Bilt mear as tsien jier lyn ek al neamd, en kamen op ‘e nij nei foaren yn in ferkearsûndersyk fan Veilig Verkeer Nederland út 2016. No’t It Bilt sûnt in pear jier fusearre is mei syn buorgemeenten, is it no de heechste tiid dat de nije gemeente Waadhoeke yn aksje komt.
De oanpak fan de ferkearsfeiligens binnen de beboude kom fan St. Anne is yn earste ynstânsje de ferantwurdlikheid fan de gemeente. Mar omdat it hjir giet om de krusing fan twa provinsjale diken en ek om de oanslutingen op de wegen yn it doarp, freegje de fraksjes fan FNP en ChristenUnie ek it kolleezje fan deputearre steaten fan Fryslân om har yn te setten om tegearre mei de gemeente Waadhoeke de knyppunten yn St. Anne oan te pakken. Mei’t de nasjonale regearing ein 2019 oanjûn hat finansjeel by te dragen oan it oanpakken fan ferkearsûnfeilige situaasjes op gemeentlike en provinsjale wegen, is it om sa wichtiger dat de gemeente Waadhoeke en de provinsje Fryslân tegearre oplûke.
Archief > 2020 > februari
- 27-02-2020 27-02-2020 22:55 - Ledenvergadering en netwerkbijeenkomst
- 26-02-2020 26-02-2020 16:45 - ‘Lok op 1’ stopt niet bij de provinciegrens
- 26-02-2020 26-02-2020 15:34 - Geld voor de Noordelijke Investerings- en Ontwikkelings Maatschappij (NOM)
- 26-02-2020 26-02-2020 14:31 - Verdeling van de opbrengsten van Windpark Fryslân
- 26-02-2020 26-02-2020 10:37 - Thea Smit als commissielid beëdigd
- 26-02-2020 26-02-2020 10:00 - Provinciale Staten
- 24-02-2020 24-02-2020 19:00 - Fractievergadering
- 12-02-2020 12-02-2020 16:30 - Bezoek Gezondheidsplein Molenberg Delfzijl
- 10-02-2020 10-02-2020 15:58 - Ferbetterje ferkearsfeiligens St. Anne
- 05-02-2020 05-02-2020 19:00 - Commissievergadering
- 05-02-2020 05-02-2020 16:30 - Steatemerk
- 05-02-2020 05-02-2020 15:15 - Extra geld voor geestelijke verzorgers in het bevingsgebied
- 05-02-2020 05-02-2020 12:00 - Werkbezoek in Workum
- 05-02-2020 05-02-2020 09:30 - Werkbezoek